Mear tiid foar tongblierstalen

© Omrop Fryslân
Der is mear tiid nedich om dúdlikheid te krijen oer mooglike besmettings mei tongblier yn Fryslân. Dat hat it Ministearje fan Lânbou tiisdei sein. Woansdei soe de útslach komme.
Tsien keallemesterijen yn it noarden binne ûndersocht, nei't yn Ingelân dit wykein tongblier útbruts. Freed is mooglik mear dúdlik. As dan it tongblierrezjym fersoepele wurdt, is der no sneon in ekstra feemerk yn Ljouwert.