Jägermeisterreklame mei net

08 aug 2007 - 06:27

De organisaasje fan de Snitswike is min te sprekken oer de promoasjekampanje fan Jägermeister op it wetter fan 'e Snitsermar. It drankmerk parasiteart op de bekindheid fan it evenemint, seit KWS-foarsitter Hugo Snoekc.

It is gjin sponsor fan de Snitswike en hat neffens de organisaasje dus neat te sykjen yn Snits. It team dielde fan it wykein petsjes en flachjes út op it Starteilân, dat is tsjin de rigels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)