Frou omreage by achterfolging

Plysje © Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei in man en in frou dy't sneontemiddei belutsen wiene by de oanhâlding fan in 23-jierrige Ljouwerter. Dy Ljouwerter hie de frou en har 3-jierrige berntsje yn achterfolging mei de plysje omtreaun. De plysje achterfolge him om't er by syn oanhâlding útnaaide.
De plysje woe him oanhâlde om't er sûnder rydbewiis ried en minsken misledige. In alerte boarger koe de man úteinliks beetpakke. De plysje hat de man fêstset op it buro, mar wol graach yn kontakt komme mei de man en frou. Sy kinne de plysje belje.