Verburg lit mkz-faksin meitsje

© Omrop Fryslân
Minister Verburg fan lânbou lit 265.000 faksins meitsje tsjin tongblier. Se docht dat as tarieding op in eventuele faksinaasjekampanje tsjin de feesykte. Dat makke it ministearje tiisdei bekind. De VWA, voedsel- en warenautoriteit, moat him tariede op in senario wêrby kij, bargen, skiep en geiten faksineart wurde moatte.
Faksinaasje kin pas as de Europeeske Kommisje der mei akkoard giet.