Dûkers fine klûs yn stedsgrêft

© Omrop Fryslân
Dûkers fan de plysje Fryslân hawwe tiisdeitemiddei in klûs fûn yn de stedsgrêft oan de Emmakade yn Ljouwert.
De klûs komt út de sporthal op de Gordyk en waard fûn nei in tip fan in fertochte yn in saak fan 8 fertochten dy't ein july oanhalden waarden. Se wurde fertocht fan meiïnoar 30 ynbraken, wêrûnder de ynbraak yn de Gordykster sporthal. Mei de fynst fan de klûs is nij bewiismateriaal fûn.