H'fean wurket mei oan transfer

07 aug 2007 - 15:03

Roberto Tibúrcio, de saakwaarnimmer fan Alves, hat Hearrenfean twa foarstellen foarlein foar in transfer. Sc Hearrenfean is ree om mei te wurkjen oan de transfer fan Alves nei in oare klub, as dy klub de frege ôfkeapsom fan Alves syn kontrakt betellet. Dat seit Wagner Augusto, de wurdfierder fan Alves.

Sc Hearrenfean, Tibúrcio en Afonso Alves sille tongersdei prate oer dizze foarstellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)