Sânbêden ljepskânsen te krap

07 aug 2007 - 12:18

Fierljepper Bart Helmholt sprong moandeitejûn yn Burgum in prachtich nij Nederlânsk rekord fan 20.60 meter.

Mar folle fierder koe hy ek net. It Burgumer sânbêd lit fierdere sprongen eins net ta. En ek op in grut tal oare fierljepskânsen yn Fryslân is de romte foar fierdere sprongen beheind. Bart Helmholt sels sei moandei nei de wedstryd dat hy heechút nog 10 of 15 sintimeter fierder kin yn Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)