Diskusje opgravings Hallum

07 aug 2007 - 12:11

De opgravings yn de terp fan Hallum binne al sa'n bytsje klear, mar der is noch diskusje oer de fraach wa't it ûndersyk betelje moat.

Tsjin de terp oan komt in wen-soarch-kompleks en om dy reden is in skoftlyn in proefsleuf groeven. De fynsten dêryn wiene sa ynteressant dat argeologen in gebiet fan inkele tûzenen kante meters ôfsykje woene. Dat is no klear, mar op de kosten dy't dêrby hearre, wie net echt rekkene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)