Alves woansdei yn Hearrenfean

07 aug 2007 - 11:49

Hearrenfean-spiler Afonso Alves komt woansdei werom op It Hearrenfean. Dat seit direksjelid Yme Kuiper. Hy hat kontakt hân mei syn saakwaarnimmer Roberto Tibúrcio. As Alves woansdei weromkomt, dan ferwachtet Kuiper dat hy tongersdei in gesprek hat mei Alves en syn saakwaarnimmer.

It is de bedoeling dat Alves de training wer oppakt. Kuiper tinkt dat Alves wurch wie nei de Copa America en dêrom wat letter weromkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)