Frachtauto ferliest tsjil

07 aug 2007 - 10:12

In frachtauto hat moandeitemiddei op de A7 by Koarnwertersân in tsjil ferlern.

De frachtweinkombinaasje ride krekt wat te fier nei links op de linkerbaan. Dêrtroch rekke er de fangrail in oantal meters. Oan de ein fan de fangrail bruts it linkerfoartsjil. De sjauffeur koe de frachtauto net mear hâlde en kaam nei fyftich meter ta stilstân. De plysje is ynset om it ferkear om te lieden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)