Attraksje Booster Snits ticht

06 aug 2007 - 20:40

De Voedsel en Waren Autoriteit, de VWA, hat moandei de merke-attraksje Booster yn Snits op slot setten.

Dit nei oanlieding fan in ûngelok mei sa'n apparaat ôfrûne sneon yn Frankryk. Hjirby kamen twa minsken om it libben en rekken twa minsken swier ferwûne. Troch noch ûnbekende oarsaak bruts de bak weryn de fjouwer persoanen sieten ôf. Dat barde op sa'n 30 meter hichte en mei in snelheid fan 90 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)