Spektakulêre achterfolging

06 aug 2007 - 17:03

Nei in spektakulêre achterfolging oer de Ofslútdyk hat de plysje moandei betiid in yn Harns stellen auto weromkrije kind. Dat koe fral troch it saneamde 'voertuigvolgsysteem', dat yn de djoere BMW ynboud siet.

De dieven koenen oanhâlden wurde op in kamping yn it Noard-Hollânske Oostwoud. Op de Ofslútdyk rieden de dieven 210 km yn de oere. Se lieten har ek net wjerhâlde fan bomen by in brêge dy't iepengean soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)