Ite yn styl by Monumintedei

06 aug 2007 - 15:38

Yn Frjentsjer is dit jier wer in diner by de iepen monumintedei. Ferline jier wie de earste kear. Doe waard op de Brede Plaats in miel hâlden yn de styl fan de midsieuwen. No wol de organisaasje dat de gasten ferklaaid komme yn Charleston-kostúms.

Dielnimmers moatte wol 20 euro betelje om mei te dwaan. It miel is op freed 8 septimber. De iepen monumintedei sels is in dei letter. It lanlike tema is Moderne Monuminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)