Blokhúspoarte is fan oerheid

06 aug 2007 - 15:27

Plannen foar in finzenismuseum of hotel yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert krije gjin stipe fan de Rijksgebouwendienst. It monumint bliuwt yn besit fan de ryksoerheid. De minister beslút oft it gebou oars brûkt wurde kin of net.

It gebou is okkerdeis tydlik ticht gien om't it net oan brânfeilichheidseasken foldocht. Der wurdt no ûndersocht wat it kostet om it gebou oan te passen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)