Algra nei kamp Appelskea

Rendert Algra giet nei de diere-aktivisten
CDA-steatelid Rendert Algra noeget himsels út by de diere-aktivisten yn Appelskea. Kommend wykein komme 300 diere-aktivisten út binnen- en bûtenlân byinoar.
Algra neamt it in trainingskamp foar terroristen, mar de minister fan Justysje sjocht gjin grûn foar in ferbod. Wol binne plysje en iepenbier ministearje klear om yn te gripen. De aktivisten witte noch net oft se Algra der wol by ha wolle.