VWA ûndersiket bedriuwen

De Voedsel- en Warenautoriteit hoopje woansdei it ûndersyk klear te hawwen
De Voedsel- en Warenautoriteit wol tiisdei it ûndersyk klear hawwe by bedriuwen dy't de lêste wiken fee ymporteard hawwe út Ingelân. Dizze bedriuwen binne sletten troch it ministearje nei in útbraak fan tongblier it ôfrûne wykein yn Ingelân.
It giet yn Noard-Nederlân om inkele tsientallen bedriuwen. Woansdei kinne de útslaggen ferwachte wurde. Oant dy tiid bliuwe de bedriuwen op slot.