Bogtstra net nei SC Heerenveen

Tjerk Bogtstra
Tenniscoach Tjerk Bogtstra giet net by sportclub Hearrenfean oan de slach. De âld-coach fan it Nederlânske Daviscup team soe op 1 augustus begjinne as personal coach fan spilers. Hy wie dêrfoar benadere troch foarsitter Koos Formsma.
Neffens Hearrenfean is troch it ôftreden fan Formsma, op 24 july, de situaasje sadanich feroare dat de basis foar it yn tsjinst treden fan Bogtstra te smel wurden is.