Turnster Van den Berg hâldt op

06 aug 2007 - 08:47

Turnster Berber van den Berg (19) fan It Hearrenfean hâldt op mei topturnjen. Dat makke se dit wykein bekend. Se hie al earder problemen mei de motivaasje, mar wist har te pleatsen foar it WK yn septimber yn Stuttgart. Safier komt it net, want Berber van den Berg kin it net mear opbringe.

Earder hie se ek al problemen om har te motivearjen en moast se -mei troch blessures- it EK ôfsizze, mar yn maaie makke se har rentree.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)