Famke út Britsum ferûngelokke

© Omrop Fryslân
In famke fan 15 jier út Britsum is snein by Epe ferûngelokke. Se fytste oan it begjin fan de jûn mei in freondinne yn de omjouwing fan Epe, doe't se in trochgeande dyk oerstuts.
In automobilist koe de beide famkes troch stilsteande frachtweinen net goed sjen en ried it slachtoffer oan. Twa hûsdokters en ambulânsepersoaniel koene har net mear helpe. Har freondinne rekke net ferwûne.