Tsjummearum wint yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De generale rippetysje foar de Freuledei fan woansdei waard snein yn Frjentsjer wûn troch Tsjummearum. It partoer Arnold Zylstra, Steven de Bruin en Hans Wassenaar wûn de finale fan Boalsert mei Jesper Sjollema, Peter Nieuwenhuis en Thomas van Zuiden. It waard 5-1 en 6-2.
Tsjummearum is ek de grutte favoryt foar de Freulepartij fan kommende woansdei yn Wommels. Tsjummearum hat ridlik geunstich lotte foar de Freule.