Alves poerrazend op Almeida

Alves: Ik bin noch gewoan spiler fan Hearrenfean... (foto Martin de Jong)
Hearrenfean-spits Afonso Alves wol juridyske stappen nimme tsjin Paulo Almeida, omdat dy him sneon yn in ferklearring oan de media foardie as syn saakwaarnimmer wylst er dat net is. "Almeida brûkt myn namme om der sels better fan te wurden", skriuwt Alves yn in ferklearring. "De man liicht, ik kin net oars sizze."
Alves hat syn akvokaten yn Europa al frege om juridyske stappen te nimmen tsjin Paulo Cesar Alves Almeida.