Eksposysje oer sirkusbisten

05 aug 2007 - 16:15

Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert organisearret fan takom jier april ôf in eksposysje oer bisten yn it sirkus. Under it motto 'Hoe temje een leeuw' wurdt de skiednis fan dizze bisten behannele en de diskusje oer it wolwêzen fan sirkusbisten.

De wize wêrop't sirkus Renz mei syn bisten omgiet, stiet sintraal. De útstalling is earst yn Rotterdam te sjen, de musea fan Rotterdam en Ljouwert diele de kosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)