Ynbrekker jout frou klap

05 aug 2007 - 15:23
Foto: Omrop Fryslân

In 46-jierrige frou fan Ljouwert is sneon mishannele troch in ynbrekker. De frou besocht foar te kommen dat de man útnaaide mei de bút fan in ynbraak by har buorlju oan de Anton Mauvestrjitte yn Ljouwert. De frou besocht de stellen ôfstânsbetsjinning ôf te pakken, mar dat slagge net.

De ynbrekker joech de frou in klap yn it gesicht, wêrtroch har bril stikken gie. De man naaide gelyk út. De plysje hat noch om de man socht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)