Partoer v.d. Meer wint Harns

© Omrop Fryslân
Rutmer van der Meer en de bruorren Jacob en Chris Wassenaar hawwe sneon yn Harns de frije formaasje partij wûn. Yn de finale wie it partoer Van der Meer fierstente sterk foar Feite de Haan, Tjitte Bonnema en Arie den Breejen; it waard 5-0 en 6-6.
PC-kening Johan van der Meulen en syn maten Bauke van der Graaf en Taeke Triemstra giene mei de tredde priis nei hûs. De partij yn Harns waard earder dit jier ôflast.