MKZ reëel gefaar foar Fryslân
Der is in reëel gefaar foar tongblier. Dat sizze boere-organisaasje LTO en de feemerken Noard-Nederlân. Sa'n tsien Fryske keallebedriuwen binne op it stuit blokkeard. Dat betsjut noch net dat der ek tongblier is.
Lanlik ha 250 bedriuwen de ôfrûne tiid keallen fanút Ingelân oanfierd krigen. Der wurdt op dit stuit ynventariseard wêr't de keallen krekt weikomme. De Voedsel en Warenautoriteit bringt de kontakten mei Ingelân yn kaart.