Meijer wint IFKS Hylpen

It IFKS-skûtsjesilen gie los mei in rêstige wedstryd op de Iselmar. Sieb Meijer fan Frjentsjer naam al gau de lieding en kaam as earste oer de finishstreek. Op in twadde plak einige Walter de Vries en Delmer Los krige it tredde plak.
De skûtsjes sylden fier fan Hylpen yn in trijehoeke. Hjirby kaam it mear oan op hokker skipper it hurdste sile koe, dan op de handichheid by de tonne.