V.d. Meulen skorst fanwege mof

04 aug 2007 - 14:29

PC-kening Johan van der Meulen is foar fiif wedstriden skorst omdat er op de Rengersdei yn Ljouwert in net-keurde mof brûkte. Hy koe doe gjin sertifikaat sjen litte.

Van der Meulen krige dat sneon te hearren by de frije formaasjepartij yn Harns. Hy hat fiif skorsingen krigen, fanôf takom wike oant en mei de sneons fan Bitgum. Van der Meulen hat sein dat er yn berop giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)