Schuil nei lêste acht

04 aug 2007 - 12:36

De Ljouwerter beachfolleyballer Richard_Schuil hat mei syn partner Reinder Nummerdor de lêste acht berikt op it WK beachfolleybal. Fan 'e moarn fersloegen se it Dútske duo Brink en Dieckmann op it grandslamtoernoai yn de wrâldtour yn it Eastenrykse Klagenfurt.

Schuil en Nummerdor moatte hjoed wer tsjin in Dútsk koppel spylje: Reckermann en Urbatzka. Yn in eardere groepsfase hawwe se harren ferslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)