LTO: wachwêze op tongblier

blierren yn en om de bek binne in symptoan fan tongblier
Boere-organisaasje LTO wiist feehâlders derop harren fee te kontrolearjen op symptoanen fan tongblier en ekstra foarsichtich te wêzen mei kontakten, benammen as der koartlyn fee oankocht is. De LTO reagearret dêrmei op de fynst fan tongblier by in bedriuw yn Surrey, ten súdwesten fan Londen.
In mooglike boarne fan besmetting is it bistesyktelaboratorium yn de buert fan Guildford.