Snits wol skoalsilen ynfiere

Alle Snitser bern moatte it silen leare (foto Martin de Jong)
De learlingen fan de Snitser basisskoallen moatte it silen leare. Dat fynt it kolleezje fan BenW, dy't mei in útstel komme sille om it skoalsilen yn te fieren. De gemeente wol dêrmei ûnderstreekje dat Snits in echte wettersportgemeente is.
Boargemaster Brok hopet dat dit inisjatyf as resultaat ha sil dat Snits in soad takomstige kampioenen leverje sil.