'Alves wol by Hearrenfean wei'

03 aug 2007 - 17:55

De kâns dat Afonso Alves by Hearrenfean bliuwt is bysûnder lyts. Dat seit syn persoanlike freon en wurdfierder Wagner Augusto. Neffens Augosto hat Alves fan wol tsien topklubs oanbiedings krigen. Dêr soe ek in Nederlânske topklub by wêze.

Manager Roberto Tiburcio fan Alves is ûnderweis nei Europa om de transfer fan de spits nei in topklub te regeljen. Wannear't Alves sels op it fleantúch stapt is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)