'Hearrenfean ferliest Alves'

03 aug 2007 - 11:57

It sil sportklub Hearrenfean net slagje om de Braziliaanske topskoarer Afonso Alves langer fêst te hâlden. Dat is de ferwachting fan Oliver Cabrera, de saakwaarnimmer fan Ari Ferreira. "No't Alves yn it Braziliaanske alvetal spilet is hy te grut foar Hearrenfean", mient Cabrera.

Cabrera tinkt dat it net ferskinen fan Alves op it Hearrenfean it wurk is fan dy syn manager Roberto Tiburcio en net fan Alves sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)