Dirk Sietse Gjaltema ferstoarn

Dirk Sietse Gjaltema
De 19-jierrige Dirk Sietse Gjaltema fan Dokkum is woansdei ferstoarn. Dirk Sietse kaam yn it nijs omdat er slim siik waard, neidat hy op 'e fyts troch in auto oanriden waard troch in frou dy't trochried. De spieren yn Dirk syn skonk stoaren ôf en der ûntstie in tumor, dy't frij spul krige.
Mei de plysje hat de famylje Gjaltema noch in skoft socht nei de frou dy't Dirk oanriden hat, mar dy hat har nea melden.