Smellingerlân: goedkeap bouwe

© Omrop Fryslân
Smellingerlân is ien fan de goedkeapste gemeenten yn Nederlân foar it oanfreegjen fan in boufergunning. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Vereniging Eigen Huis en in stekproef fan Omrop Fryslân.
De leezjes binne yn Smellingerlân 1% fan de hiele bousom. De gemeente komt dêrmei leger út as de goedkeapste yn it ûndersyk fan de Vereniging Eigen Huis. Smellingerlân is ek goedkeaper as oare Fryske gemeenten.