Harksit oer Zeppelin

© Omrop Fryslân
Binnen fjouwer wiken moat dúdlik wurde oft der boppe it Waad flein wurde mei mei Zeppelins. Tsjinstanders fan it plan ha der beswier tsjin oantekene by de provinsje. It giet ûnder oare om de Waadferiening en it Fryske Gea.
De provinsje hat de beswieren tongersdei yn in harksit behannele. De beswierekommisje komt binnen fjouwer wiken mei in adfys oer de Zeppelin-flechten. Deputearre Steaten nimme dan in beslút oer de fergunning.