Titia Bergsma-boek foar Brok

René Bersma skreau in boek oer Titia Bergsma
Boargemaster Brok fan Snits krige tongersdei in boek oer Titia Bergsma. De Friezinne út begjin 19e ieu wie de earste Westerske frou yn har tiid dy't nei Japan gie. Neiteam René Bersma hat in boek oer har skreaun en dêr no in eksimplaar fan oanbean oan 'e boargemaster. Snits hat in stêdebân mei de Japanske stêd Kurobe.
It boek is yn trije talen útbrocht. It kaam twa jier ferlyn út. Der wurdt ek wurke oan in dokumintêre oer Titia.