Famke lestichfallen yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje siket in man dy't yn Snits in famke (19) achterfolge en fêstpakt hat. Dat wie tongersdei om goed seis oere ûnder it fiadukt oan 'e eastlike rûnwei. Doe't der minsken oankamen, liet er los. Doe't er fuortrûn, seach it famke dat syn geslachtsdiel út 'e broek hong.
De man is 1.75 meter, blank en sa'n tritich jier. Hy is stevich mei koart ljocht stikeltsjeshier. Hy hie in trainingsjack oan.