Aris hellet lêste Amerikaan

02 aug 2007 - 10:35
Foto: Omrop Fryslân

Basketbalklub Aris Friesland út Ljouwert hat de 23-jierrige Omni Smith oanlutsen. Smith is de fyfde en lêste Amerikaan yn de seleksje fan Aris foar takom seizoen. Smith is in linkshannige shooting-guard en komt oer fan Kent State University.

Ek de 30-jierrige Hans Logtenberg spilet takom seizoen foar Aris. Hy komt oer fan Omniworld Almere. De seleksje fan Aris bestiet no út alve spilers en is dêrmei rûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)