Min seizoen foar horeka Heech

Horeka-ûndernimmers yn Heech draaie dizze simmer folle minder goed as oare jierren. Dat komt net troch it minne waar, mar troch in omlieding foar it skipfeartferkear. By de brêge yn de Jeltesleat wurdt boaten advisearre om oer Wâldsein of Snits te farren, omdat op dat plak in akwadukt oanlein wurdt.
De helte fan de skippen folget it advys en slacht Heech oer. De horeka en de winkels fernimme dat yn harren ynkomsten.