Favoriten fierder op PC

01 aug 2007 - 11:58

De twa favorite partoeren hawwe op de PC de earste omloop oerlibbe en komme inoar no yn de twadde omloop tsjin. It partoer fan Rutmer van der Meer en de bruorren Wassenaar wûn mei 5-3, 6-4 fan it partoer fan Jochum Bouma.

De striid tusken de partoeren Van der Meulen en Lootsma wie tige spannend. De wedstriid gie gelyk op, mar úteinlik wisten Johan van der Meulen, Auke van der Graaf en Taeke Triemstra te winnen mei mei 5-4 en 6-6.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)