Gjin ekstra skûtsjewedstriid

Moandei koe de wedstriid yn Wâldsein net trochgean (foto Martin de Jong)
De ekstra wedstriid fan it SKS skûtsjesilen, tongersdei op 'e Lemmer, giet net troch. Dat is woansdeitemoarn besletten. Omdat in ekstra wedstriid neffens it reglemint net kin, moasten de skippers dêr unanym tastimming foar jaan. Dat barde net. Se koene it net iens wurde.
De ekstra wedstriid waard oppere, omdat fanwege it minne waar trije wedstriden útfallen binne. Der is no tongersdei ien wedstriid by De Lemmer.