Earste ferrassing by PC

01 aug 2007 - 11:06

De earste wedstriid fan de dei hat by de PC fuortendaliks in ferrassing oplevere. Yn de earste omloop ferlear it partoer mei de erfaren Minnesma, Bonnema en Van der Wei fan Sjaarda, Haitsma en Piersma. Sjaarda en dy wûnen mei 5-4, 6-4.

It rint al in skoft net goed yn it partoer Minnesma. De trije keatsers hiene al besletten nei de PC út inoar te gean. It partoer Sjaarda komt yn de twadde omloop it partoer Rinia tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)