Winkeldief oanhâlden

01 aug 2007 - 10:31

Yn winkelsintrum De Sintrale yn Ljouwert is tiisdei in 38-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan stellerij út winkels en bedriging. De man wie yn twa winkels trapearre.

Hy hie by de dieverij it personiel mei in mes bedrige. De man is bûtendoar op it plein fan it winkelsintrum oppakt. De plysje hie in sinjalemint fan 'e man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)