Hamm dit seizoen ek by Aris
Basketballer Lawrence Hamm spilet ek takom seizoen by Aris Friesland. De Amerikaan hat op 'e nij in kontrakt tekene foar ien jier. Ferline jier kaam Hamm ta in gemiddelde skoarde fan hast 15 punten.
Hamm is de fjirde Amerikaan dy't oanlutsen is. Aris ferwachtet noch ien Amerikaanse spiler oan te lûken.