'Keatsbaan op Provinsjehûs'

Der moat in keatsbaan op it dak fan it nije Provinsjehûs komme, sei foarsitter Minne Dykstra by de iepening fan 'e PC. Dat soe prima passe by de ideeën Fryske Fiersichten. Op in regearingsgebou yn Tokio is ek in golfplak. Eartiids wie op it plak fan it hjoeddeistige Binnenhôf en de Ridderseal yn Den Haach in keatsbaan.
Dykstra begûn syn taspraak mei deselde wurden as âld-foarsitter Van der Mei: Freonen en freondinnen fan 'e PC.