Brandenburg spilet remise

© Omrop Fryslân
Skaker Daan_Brandenburg fan Drachten hat tiisdei yn de sande ronde fan it iepen Nederlânsk kampioenskip skaken yn Dieren remise spile tsjin Dimitri Reinderman. Brandenburg stiet no mei 5 punten op it dielde fyfde oantemei 13e plak, ien punt achter de beide koprinners Erwin L'Ami en Erik van den Doel.
Brandenburg moat no noch oardel punt helje foar syn earste grutmasternoarm.