Allinnich july 1942 wie wieter

31 jul 2007 - 18:10

July wie foar Fryslân in bysûnder wiete moanne. Op guon plakken foel 4 kear safolle wetter as ornaris. Yn Kollum foel mei 265 millimeter it measte wetter, folge troch Drachten mei 239 millimeter. Mar der waard gjin rekord brutsen, want de simmer fan 1942 wie noch wieter.

July 2006 wie wol in rekord, want doe waard in rekordwaarmte berikt. Mei in trochsneed temperatuer fan mear as 20 graden wie it doe waarmer as yn 1994.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)