Spanning by aaisikers nimt ta

© Omrop Fryslân
In soad ljipaaisikers sitte yn spanning, want woansdei docht de Ljouwerter rjochtbank útspraak yn de boaiemproseduere oer in mooglik ferbod. De rjochter moat beoardylje oft de provinsje Fryslân terjochte in ûntheffing jûn hat oan Fryske fûgelwachters om ljipaaien te sykjen en mei te nimmen.
De rjochtsaak wie oanspand troch Harm Niessen fan Faunabeskerming. Neffens him wurde der tefolle aaien meinommen.