Lykhúske yn TV-ôffalrace

De AVRO makke tiisdei tv-opnames. De koets komt út in museum.
It lykhúske op it âlde begraafplak oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert makket kâns op it winnen fan in opknapbeurt. It húske is ien fan de monuminten dy't meidogge oan it programma Restauratie fan de AVRO.
Yn dat tv-programma wurde portretsjes toand fan 14 monuminten, dy't nedich oan restauraasje ta binne. De sjoggers bepale oan 'e ein hokker monumint in bedrach fan op syn meast 1 miljoen krijt foar de restauraasje.