Ot en Sienmuseum net te keap

© Omrop Fryslân
It Ot en Sien-museum yn Surhústerfean stiet net mear te keap. De eigners fan it gebou woene it fan 'e hân dwaan, omdat it net brânfeilich genôch hie. En der wie gjin jild om it museum oan te passen. Dat waard pas krekt foar de offisjele iepening dúdlik.
Yntusken besykje pleatslik belang en de ûndernimmersferiening om jild byinoar te krijen foar de oanpassings. De eigners ha no wer safolle hope, dat se foarearst noch net ferkeapje wolle.